Bij de laatste raadsvergadering is op initiatief van @CDAWaadhoeke en Gemeentebelangen Waadhoeke een amendement gemaakt bij het voorstel “Perspectief op de Waddenkust”. Dit amendement gaat over een toevoeging inzetten op geen schaduwwerking binnendijks en geen uitbreiding van het Nature 2000 gebied binnendijks.
Met steun van andere partijen heeft dit amendement een meerderheid gehaald en is het voorstel aangepast.
Hieronder de bijdrage van ons Raadslid Adrie Weiland waarin zijn duidelijk aangeeft waarom het amendement voor Gemeentebelangen Waadhoeke noodzakelijk is.
DE BIJDRAGE VAN ADRIE WEILAND:
De fraksje fan Gemeentebelangen kin har yn grutte linen fine yn dit foarlizzend Perspektief op de Waadkust. It is in soarchfâldich opsteld document, dat sjen lit hoe’t ecology, economy en leafberheid yn gearhing meiinoar oppakt wurde kin. Wy binne dan ek foarstander fan dizze yntegrale blik op ús waadkust en sizze tank oan ús ambtners foar de gearstalling.
Foarâfgeand oan dit útstel wat jûn foar ús leit, hawwe wy in publykssessie hâwn yn Ried, dy’t my noch helder foar de geast stiet. In grut oantal jonge, betûfte en enthousiaste boeren sieten der meiinoar oan tafel. Sy wiene net allinnich grutsk om hjir yn Waadhoeke te buorkjen, mar sprutsen tagelyk harren soarch út dat sy omtrint fersûpe yn alle rigels dy’t se oplein krije. It waarme pleidooi wie dan ek: stek ús as gemeente in helpende hân ta en set net alles op’t slot!
Foar harren stean ik hjir jûn en wol ik nochris mei klam wize op it belang fan de lânbou yn ús gemeente. Want krekt dizze lânbou is net samar ién fan de funksjes yn it kustgebiet, mar in dragende ekonomyske pylder! De binnendijkse grûn fan Waadhoeke heart ta de meast fruchtbere fan Europa en foarmet de basis foar ús foedselproduksje, wurkgelegenheid, eksport en de karakteristyke eigenheid fan it lânskip wer’t wy as gemeente Waadhoeke, krekt sa as ús boeren, GRUTSK op binne!
Wy bin postyf dat yn it Perspektyf útsprutsen wurdt dat der gjin skaadwurking fan Natura 2000 binnendyks plakfine mei en dat útwreiding fan Natura 2000 binnendyks net winslik is. Dat is foar de fraksje fan Gemeentebelangen in essentieel útgongspunt. Wy freegje it kolleezje ús miening hjiryn net allinnich op papier te ûnderskriuwen, mar dit ek krêftich te ferdiedigjen op regionale, provinsjale en lanlike oerliztafels.
Us soarch sit ‘m foaral yn de útfiering. Sa’t ik krekt al sei, hawwe ús agrariërs te krijen mei in steapeling fan wet -en rigeljouwing en derom wolle wy foarkomme dat dit Perspektyf, hoe goed bedoeld ek, yn de praktyk liede sil ta noch mear beheining, ûnwissichheit of administratieve lesten foar boeren. In takomstbestendige Waadkust hat allinnich besteansrjocht méi ús agrariërs, nét troch harren fierder fêst te setten.
Dêrom fine wy it wichtich dat lânbou eksplisyt beneamd wurdt as bliuwende ekonomyske pylder en dat dúdlik fêstlein wurdt dat weardefolle lânbougrûn binnendyks yn’t foarste plak bedoeld is foar agrarysk gebrûk!
En ja, der komt yn de rin fan dit jier ek noch in Lânboufysje, wer’t wy as ried noch oer te set moatte. Mar…dit perspektyf op de Waadkust rjochtet har op dit spesifyke gebiet, wurket mei brede wolfeart én in âfwegingskader en wurdt aanst brûkt by romtlike beslúten, projekten en fergunnings. Troch it nó dudlik fêst te lizzen wolle wy sjen foar te kommen dat de lânbou, as íen fan de belangen, wei-drukt wurde kin troch bygelyks ekology of wetter/boaium. Dit perpektyf op de Waadkust beskermet de romte foar lânbou, de kommende lanboufysje fult dy romte ynhâldelik yn. It moat elkoar aanst fersterkje en net tsjinsprekke!
Fanwege dizze redenaasje tsjinne wy togearre mei it CDA in amendement yn, wertroch wy dizze útgongspunten krêftich en dúdlik delsette wolle yn dizze Perspektyfnota.